8 september 2019
8 september 2019
Goeiemoarn gemeente, Wy begjinne mei it sjongen fan it oefenliet foar de moanne septimber, liet 817, alle fersen. Tige wolkom allegeare, mei namme ús gasten. Ús foargonger is fannemoarn dûmny Coos Boomsma út Drylts en Wiep Boersma bespylet it oargel. Takom’ wike snein is de startsnein fan it tsjerkelik barren. Om healwei tsienen is in ‘gewoane’ tsjinst hjir yn e tsjerke en middeis giet it ferhaal fierder om healwei fiven by de Johannahoeve. Wy hoopje op moai waar, mar oars is d’r ek genôch romte yn e gebouen. It program stiet yn Tsjerke&Toer op side 6 en 7. Foar de middei/jûn is d’r in lieteboekje, wa’t bang is dat it te tsjuster wurdt om it te lêzen, kin in bûslamke meinimme. Út namme fan e tsjerkerie winskje ik ús allegeare in seinige tsjinst ta. Wy sjonge steande Liet 280: 1, 2, 3, 4 ***** Tsjinst fan tankjen en dielen: De blommen geane fannemoarn nei: mw. W. Rijpma-Visser, as lokwinsk mei har 85e jierdei, wa wol se bringe? Rein Jan van der Velde, soan fan Ieke en Jan Pieter van der Velde leit noch yn it sikenhûs fan Drachten foar ûndersyk. Ek Wietze Vonk is opnaam west. De kollekte fan de diakonie is foar: Protestantse tsjerken: jeugdwurk en kliedertsjerke. Hja besykje op oare wize it leauwen mei inoar te fieren, mei bern en folwoeksenen wurdt op in kreatieve manier stâl jûn oan bibelferhalen. Mear kinne jim lêze yn T&T. By de útgong is de kollekte foar de tsjerke Takom’ wike is de kollekte foar Versterk de kerk Midden-Oosten. Ondanks het voortdurende geweld in het Midden-Oosten, waaronder de langslepende oorlog in Syrië, zijn er sprankjes hoop. Zo zijn in Irak veel steden op IS heroverd en kunnen mensen terug keren naar huis. Ook in Syrië zijn er mensen voorzichtig teruggaan naar veilige gebieden. Daar aangekomen treffen zij echter een enorme verwoesting aan. Samen met lokale kerken helpt Kerk in Actie bij het herstel van huizen, scholen en drinkwatervoorzieningen. We ondersteunen mensen met vakopleidingen en leningen om een eigen bedrijf te beginnen, en bieden traumaverwerking. Met uw collecteopbrengst ondersteunt u deze hulpverlening door kerken ter plaatse. Tsjinst op snein 8 septimber 2019 yn Ryptsjerk TARIEDING Oargelspul Wolkom Liet om te oefenjen Saaklike meidielings YNTREE We komme oerein Liet 280: 1, 2, 3, 4 Groet en bemoediging Gebed fan neierkommen Liet 280: 5, 6, 7 We sette ús del Wurden om út te libjen: Deuteronomium 30: 15-20 15 Sjoch, hjoed haw ik dy foarhâlden it libben en de foarspoed, mar ek de dea en de tsjinspoed. 16 Ik jou dy no de opdracht de Hear dyn God leaf te hawwen, yn syn wegen te gean en syn geboaden, foarskriften en rjochtsregels te ûnderhâlden. Dan silsto libje en oanwinne. En de Hear dyn God sil dy segenje yn it lân dêrsto hinnegiest om it út myn hân oan te nimmen. 17 As dyn hert him lykwols ôfkeare soe, do soest net harkje en dy ferliede litte om dy foar oare goaden te bûgen en dy te tsjinjen, 18 dan kundigje ik dy hjoed al oan, datsto wis omkomme silst. Dan silst it net lang meitsje op ‘e grûn dêrst no hinne giest, de Jordaan oer, om dy út myn hân oan te nimmen. 19 Ik rop hjoed de himel en de ierde ta getugen tsjin jimme oan, dat ik sawol it libben as de dea, de segen en de flok jimme foarhâlden haw. Kies dan it libben, datsto en dyn neigeslacht libje sille, 20 mei de Hear dyn God leaf te hawwen, nei syn wurd te harkjen, en in oanhinger fan Him te wêzen. Want Hy is dyn libben en dyn lingte fan dagen op ‘e grûn dêr’t de Hear dyn foarfaars Abraham, Izaäk en Jakob fan sward hat, dat Er it harren jaan soe. Liet 1: 1, 2, 4 DE HILLIGE SKRIFT Gebed bij de iepening fan de Skrift Skriftlêzing: Lukas 14: 25-33 25 Doe’t er wer ris in grutte kloft mei him oprûn, kearde Jezus him om en sei tsjin harren: 26 As ien by my komme wol, mar net brekt mei syn heit en mem, syn frou en bern, bruorren en susters, ja, net brekt mei syn eigen libben, kin er myn learling net wêze. 27 Wa’t syn krús net draacht en achter my komt, kin myn learling net wêze. 28 Want as men in toer bouwe wol, wa fan jimme set him der dan earst net ta om de kosten te berekkenjen, om te sjen, oft er de middels wol hat om de ein te heljen? 29 It mei him dochs net oerkomme, dat er nei it lizzen fan ‘e fûneminten it wurk net dien meitsje kin, en dat alle lju dy’t dat sjogge de gek mei him hawwe 30 en sizze:: “Dy man is al mei bouwen útein set, mar hy koe de ein net helje.” 31 Of wat kening dy’t derop út wol om tsjin in oare kening slach te leverjen, set him der earst net ta en gean nei oft er mei tsientûzen man ien dy’t mei tweintichtûzen op him ôfkomt, wol oan kin? 32 Kin er dat net, dan stjoert er ommers al gesanten nei de oare kening ta as dy noch fierôf is, en freget om frede? 33 Sa is it ek mei jimme: wa’t himsels net losmakket fan alles wat er hat, dy kin myn learling net wêze. Liet 816 Oertinking Liet 914: 1, 3 GEBEDEN EN JEFTEN Meidielings pastoraat en kollekte Tanke en bidde Kollekte UTSTJOERING EN SEGEN We komme oerein Liet 905 Segen | ||
terug | ||