6 november 2019 6 november 2019
Jûn Gemeente,

Tige wolkom yn dizze tanktsjinst foar gewaaks en arbeid.
Foargonger jûn  is dûmny  Van der Mark fan Wolvegea en Folkje Koster bespilet it oargel.
Nei dizze tsjint is it gemeentejûn  yn ‘e Einekoer. Op it aljemint komme de begruttingen fan diakonij en tsjerke en wy wolle neitinke oer It Hillich Nachtmiel yn wat foar foarm wy dat hâlde wolle. Ek is der omtinken foar de nije betinktafel.

Komende snein om healwei tsienen hopet da. H. Post-Knol ut Dronryp foar te gean.

De ynsamling fan jeften foar de diakonij is hjoed foar De Voedselbank yn Tytsjerksteradiel.
Stifting Voedselbank Tytsjerksteradiel besiket tefolle oan iten op it iene plak , sa as fuort dwaan fan goed iten, tsjin te gean troch dit yn te sammeljen en wer út te jaan oan minsken dy ‘t yn ‘e knipe sitte.
Stille earmoede is der safolle mear as dat wy witte, jim help is tige wichtich foar dizze stifting.

De ynsamling by de doar is foar Tsjerke./ De ynsamling foar Tsjerke wurdt fuort achter de diakonale kollekte oan hâlden.
Wy bejinne mei it sjongen fan liet 24 :1 en 2

De tsjerkerie winsket jim in segene tsjinst.

Oarder fan tsjinst
Oargelspyljen
De yntocht fan ‘e tsjerkeried mei de foargonger; wolkomswurd
It begjinliet psalm 24:1,2
Stil gebed
Bemoediging en groetnis
Liet 246B:1+2 (allegearre), 3 (froulju), 4      (manlju), 5 (fr.), 6 (m.), 7 (allegearre).
Gebed om de ferljochting troch de Hillige Geast
Earste skriftlêzing  – Leviticus 25:1-22.
Liet  – psalm 90:1,2,8
Twadde skriftlêzing – Matteus 6:19-21.
Liet  678:1,2,3,9
Ferkundiging
Liet  981:1,3,5
Gebeden (mei it Ús Heit)
Ynsammeling fan de jeften
Slotliet  – liet 978:1,3,4
Fuortstjoering en segen
Oargelspyljen
 
terug