7 november 7 november
Jûn  gemeente,
Allegearre fan herte wolkom yn dizze tanktsjinst foar gewaask en arbeid.
Foargonger is Ds. H. Post-Knol uit Dronrijp  en it oargel wurdt bespiele troch Geert Postma.
Komende snein om healwei tsienen hopet dûmny  J. van den Boogaard fan Hallum hjir foar te gean.
Ut namme fan de tsjerkerie winskje ik ús in segene tsjinst.
Jelly Kolkman sil no in taljochting jaan op de tafelskikking.
_________________________________________________________________________________


Farm Friends hat projekten yn Ethiopië en Tanzania dêr’’t se lokale boeren stypje mei it opsetten fan in eigen bedriuw. Mei in  lease ko is in lytse boer yn  Ethiopië  bliuwend better  ôf en krije hja in better libben. De ôfrûne tsien jier hat  Farm Friends súkses hân  yn Tanzania mei de  lease ko. Lytse boerebedriuwen liene jild foar in kalve ko dy’t troch de   stichting beskikber steld wurdt. Mei it molkejild kinne hja ûnder oaren de liening werombetelje. De molke giet foar in part nei de koöperaasje en in part giet nei in fûns dêr’t nije kij foar kocht wurde kinne. De pleatsen yn Afrika hawwe meastentiids ien of  twa kij en de froulju binne meastentiids de boer.
De útgongskollekte  is bestimd  foar de tsjerke.

2 foto's van de tafelschikking dy"t Jelly, Elly en Fokje wer sa kreas makke hawwe, tank der foar!!!!

terug