20 mei 2018 20 mei 2018
Goeiemoarn allegear, Wy begjinne mei it sjongen fan ús oefenliet nûmer 667 de ferzen 1, 4 5. Wolkom yn dizze pinkstertsjinst. Us foargonger is dûmny J. Kroon fanGaryp. It oargel wurdt bespile troch Wiep Boersma. Oare wike snein om healwei tsienen hopet da. H. Post-Knol út Dronryp\ hjir foar te gean yn in Fryske tsjinst. Wolle jimme it Fryske lieteboek dan meinimme. Dy tsjinst hat as tema ljocht en skaad yn ferbân mei it maaitiidsevenemint fan Yn it skaad fan ‘e toer. De tsjerkeried komt tongersdei by elkoar. Kopij foar Tsjerke en Toer kin foar freed de 25ste fan e gersmoane ynlevere wurde bei Clazina Reitsma. De tsjerkeried winsket ús in goede en segene tsjinst ta. Us oanfangsliet is lied 87.
De kollekte dy’t nei de gebeden hâlden wurdt, is foar it fersterkjen fan lytse tsjerken yn Bangladesh. Nochal wat kristenen yn dat lân hawwe brutsen mei it hindoe-leauwen. Dêrtroch binne sy yn in isolemint rekke en gauris ek yn earmoede. Ek harren foargongers krije te min ûnderwiis. De tsjerke yn it distrikt Mymensingh stipet jonge tsjerkemienskippen om ta bloei te kommen. Ek gemeenteleden en harren bern krije help foar bettere libbensomstannichheden. Der binne ek lessen lezen en skriuwen om de bibel.
De kollekte by de útgong is foar de tsjerke. Orde van dienst welkom en mededelingen intochtslied Ps.87 stil gebed, votum en groet gebed zingen NLB 678: 1,3,4,5 Vrees niet, gij land, verheug u en wees blijde (LBVK 1973 gezang 39) lezen Ezechiel 47:1-12 en Handelingen 2:1-4
zingen NLB 672:1,2 Komt laat ons deze dag met heilig vuur bezingen (Lbvk1973 gezang 242) verkondiging zingen Ps.65:3,5 dankgebed en voorbede collecte slotlied NLB 726:1,6 Hoor een heilig koor van stemmen (LbvK 1973 gezang 109) zegen
terug