27 mei 2018 27 mei 2018
Goeiemoarn allegear, Wy begjinne mei it sjongen fan ús oefenliet nûmer 754. Wolkom yn dizze spesjale Fryske tsjinst. As tsjerke slute wy hjoed oan by it maaitiidsevenemint en de teatrale doarpskuier fan Yn it skaad fan ’e Toer. Tema is ljocht en skaad. Us foargonger is dûmny Hinke Post-Knol. It oargel wurdt bespile troch Geert Postma. Tank oan Gerrit Haakma, dy’t foar laptop, beamer en skerm soarge hat. Oare wike snein om healwei tsienen hopet da. S. Cnossen-Hoekzema út Skearnegoutum hjir foar te gean. Sy is in âld-plakgenoat fan ús. Yn dy tsjinst fiere wy it hillich nachtmiel. De tsjerkeried winsket ús in goede en segene tsjinst ta. Wy folgje de liturgy.
De kollekte dy’t nei de gebeden hâlden wurdt, is foar Europa Kinderhulp. Sy sjogge it as harren taak bern te stypjen dy’t it dreech hawwe. It makket neat út wat nasjonaliteit, ras of leauwen dy bern ha. Al 50 jier wurde der fakânsjes foar dizze kânsearme en kwetsbere bern organisearre. De kollekte by de útgong is foar de tsjerke.

OARDER FAN DE TSJINST OP SNEIN 27 MAAIE 2018, SNEIN TRINITATUS LJOCHT EN SKAAD 2 OAN IT BEGJIN Oargelspyljen Oefenliet foar de tsjinst : Gesang 754, sjoch side Wurd fan wolkom en meidielings Oanstekken fan it ljocht fan Peaske Ljocht as skeppende krêft fan Gods leafde. Yntochtsliet : Gesang 216 Groet F: De Hear sil bij jim wêze A: De Hear si jo bewarje Bemoediging en Drompelbea F: Ús helper is de HEAR A: Dy’t Himel en ierde makke hat 3 Stilte F: Hear, dy’t fan minsken hâldt, Wij lizze ús sels oan jo foar Mei al wat ús dwaende hâldt, Mai al wat ús slagget En alles wêryn’t wij fale. Help us om ú slibben opén ij te besjen Yn it ljocht fan jo heil. A: Skink ús moed en in ûntfankelik hert om Jo te ferwachtsjen en elkoar yn leafde te ûnfangen. Amen. Kyrië: Sjonge Gesang 281: 1,2,3,4,5,6 4 Gloarje: Gesang117d latyn,frysk Bring hulde,alle folken, bring hulde oan de Hear OAN IT WURD Gebed Lêze: Lukas 15 : 11 – 32 1 Fierder fertelde Er: Der wie ris in man, dy hie twa soannen. 12No sei de jongste tsjin syn heit: Heit, jou my myn part fan it besit. Doe ferparte de heit syn eigendom ûnder harren. 13En it duorre net lang mear, of de jongste pakte alles byinoar en reizge nei in lân, fier fan hûs. Dêr brocht er al syn hawwen en hâlden dertroch mei in los libben. 14Doe’t er alles dertroch jage hie, kaam der in slimme hongersneed yn dat lân en hy krige it tige krap. 15Doe ferhierde er him by ien fan ’e lju yn dy kontrei. Dy stjoerde him it fjild yn om op ’e bargen te passen. 16Hy woe de mage wol fol tropje mei de hulen dy’t de bargen krigen, mar gjinien joech him wat. 17Doe betocht er him en sei by himsels: Hoefolle fan ús heit syn arbeiders hawwe net brea by ’t soad, en ik fergean hjir fan ’e honger. 18Kom, ik gean nei ús heit ta en sis tsjin him: Heit, ik haw mis west foar God en foar heit oer, 19ik bin net mear wurdich heit syn soan neamd te wurden. Behannelje my as ien fan heit syn arbeiders. 20Doe sette er de stap nei syn heit ta. De heit seach him fan fierren al oankommen. It begrutte him sa, dat hy fleach him temjitte, foel him om ’e hals en tute him. 21De soan sei tsjin syn heit: Heit ik haw mis west foar God en foar heit oer. Ik bin net mear wurdich heit syn soan neamd te wurden. 5 22De heit lykwols sei tsjin de feinten: Bring gau de bêste klean en doch him dy oan. Sko him in ring om ’e finger en jou him sandalen oan ’e fuotten. 23Helje it mestkeal, slachtsje it, en lit ús lekker ite en feestfiere, 24omdat dizze jonge fan my dea wie en no wer libben wurden is, ferlern wie en no wer fûn is. 25Doe begûnen se te feestfieren. De âldste soan wie it lân yn. Doe’t er wer op hûs oan gong en tichterby kaam, hearde er muzyk en dûnsjen. 26Hy rôp ien fan ’e feinten en frege, wat der te rêden wie. 27Dy sei, jo broer is weromkommen en jim heit hat it mestkeal slachtsje litten, omdat er him sûn en wol weromkrige hat. 28Doe waard de âldste soan nidich en woe net yn ’e hûs. Syn heit gong nei bûten ta om him deryn te roppen, 29mar hy sei tsjin syn heit: Safolle jierren arbeidzje ik al foar jo en noait haw ik wegere te dwaan, wat jo my hieten, mar noch noait haw ik in bokje krige om mei myn maten feest te fieren. 30Mar no’t dy soan fan jo weromkommen is, dy’t jo besit der mei huorkjen trochjage hat, no litte jo foar him it mestkeal slachtsje. 31Mar de heit sei: Jonge, do bist altiten by my, en al wat mines is, is dines ek. 32Wy moasten wol feestfiere en bliid wêze: dyn broer wie dea en is wer libben wurden, hy wie ferlern en is weromfûn. Skilder fan ljocht en skaad Lêze: Lukas 16 : 19 - 31 19Der wie ris in ryk man, dy’t alle dagen poarperen en linnense klean oan hie en der fleurich en rojaal hinne libbe. 20Mar by de poarte fan syn hûs lei in earme man, Lazarus hiet er. Dy siet ûnder de swolms 21en graach hied er ite wollen fan wat der by de rike fan ’e tafel ôffoel. Der kamen sels hûnen om syn swolms te beslikjen. 22De earme man stoar en de ingels droegen him nei in plak dêr’t er flak nêst Abraham kaam te sitten. 23De rike stoar ek en krige syn begraffenis. Mar yn it deaderyk waard er slim tamtearre. En doe’t er de eagen opsloech, seach er fan fierren Abraham mei Lazarus flak nêst him. 24Lûd rôp er: Heit Abraham, haw meilijen mei my en lit Lazarus it tipke fan syn finger yn wetter dippe en my de tonge kuolje. Ik fergean fan ’e pine yn dizze lôge. 25Mar Abraham antwurde: Betink, soan, datsto dyn part fan it goede by dyn libben al hân hast en Lazarus it minne. No wurdt hy hjir treaste en do lijst pine. 26Dêr komt by, tusken ús en jimme is in wide spjalt makke. Dat dy’t hjirwei nei jimme ta wolle, kinne dat net iens en oarsom likemin. 27Doe sei er: Dan freegje ik jo, heit, om him nei ús âldershûs te stjoeren, 28want ik haw fiif 6 bruorren. Dy moat er goed warskôgje, dat hja net lykas ik op dit plak fan pine te lâne komme. 29Mar Abraham sei: Hja hawwe Mozes en de profeten; dêr moatte se mar nei harkje. 30O nee, heit Abraham, sei er, dat wurdt neat; mar as der ien út ’e dea wei by harren komt, dan sille se feroarje. 31Mar Abraham sei: As se net harkje nei Mozes en de profeten, dan sille se ek net om sizzen jaan, as der ien út ’e dea ferriist. Sjonge: Gesang 754 7 Oertinking Sjonge: Gesang 908 : 1, 2 en 5 Foar elkoar en foarde wrâld Meidielings oangeande pastoraat en kollektes Tank en foarbean Mei as akklamaasje:Gesang 368g Stil gebed Ús Heit... Ynsammeljen fan de jeften 8 Slotliet: Gesang 839 Segen
terug