15 juli 2018 15 juli 2018
Goeiemoarn allegear,
Wolkom yn dizze drompeltsjinst, yn it bysûnder de seis bern dy’t oergean nei in oare skoalle en harren famylje. Us foargonger is ds. J. van Dijken fan Hallum. It oargel wurdt bespile troch Geert Postma.
De tsjerkeried komt tongersdei by elkoar.
Oare wike snein om healwei tsienen hopet da. J. Baaij út Burgum hjir foar te gean.
De tsjerkeried winsket ús in goede en segene tsjinst ta. Wy folgje fierder de liturgy. It oefenliet dogge wy oare wike wer.

De blommen wurde hjoed brocht by frou Parlevliet, Oosterdyk 2, dy’t thúskommen is út it sikehûs. Dhr. W. Nijp fan de Tsjerkelânsreed ferbliuwt yn it MCL. Adres W. Nijp is afdeling T kamer 3 Ek frou A. Winia fan de Reidikker is opnaam yn it sikehûs.(Dit adres heb ik nog niet zodra ik het ontvangen heb stuur ik nog even een bericht) Adressen en keamernûmers  hingje yn de toer.
 Frou F. Douwes-van der Meulen is ferhuze nei Bennema State yn Hurdegaryp. 
 
De kollekte dy’t nei de gebeden hâlden wurdt, is foar Compassion. De amerikaanske evangelist Everett Swanson begûn hjirmei yn 1952 yn it troch oarloch bot skeinde lân Korea. Fanút Amearika wei ûndersteunde Swanson letter weeshuzen. No wurket Compassion yn 25 lannen. Wat begûn is mei stipe oan 35 weesbern is útgroeid ta help oan 1,9 miljoen bern oer de hiele wrâld. As Protestantse Gemeente fan Ryptsjerk sponsorje wy fia Compassion Isnay Love, Sy is 12 jier en wennet yn Haiti. By de kollekte sille Ryan en Jarno helpe.
De kollekte by de útgong is foar de tsjerke. Dêr sille Gerrit en Jard mei de ponge stean.
 
terug