19 mei 2019 19 mei 2019
goeiemoarn gemeente
We sjonge earst us oefenlied  646 ut it lieteboek.
--------------------------------------------------------------------------------------------
Fan herte wolkom in dizze tsjinst, yn it bisonder us gasten.
It is hjoed in fryske tsjinst.
Us foargonger fannemoarn is Ds. A. Terlouw ut Dronryp en Geert Postma bespilet it oargel.
Nije wike snein giet de heer B. van Brug ut Aldeskoat foar.
De tsjerkerie winsket us in gesegende tsjinst ta.
--------------------------------------------------------------------------------------------


De kollekte is foar  Europa Kinderhulp
Europa Kinderhulp ziet het als haar taak om bijstand te verlenen aan kinderen die in of onder moeilijke omstandigheden leven, ongeacht nationaliteit, ras en levensbeschouwing. Al bijna 60 jaar verzorgt Europa Kinderhulp een onvergetelijke vakantie van ongeveer 2 weken aan kwetsbare kinderen uit heel Europa. Dit gebeurt vooral door het werven en selecteren van vakantieouders die bereid zijn om in de zomervakantie een kwetsbaar kind voor ongeveer 2 weken in hun gezin op te nemen. In totaal heeft Europa Kinderhulp in de afgelopen jaren aan zo’n 100.000 kinderen een vakantie kunnen bieden. Veel van deze kinderen zijn jaren achtereen in de zomervakantie bij hun vakantieouders geweest en hebben hierdoor de mogelijkheid gekregen een andere, positievere kijk op het gezin en de samenleving te krijgen.

De kollekte by de door is foar tsjerke.

Oarder fan  tsjinst  op snein 19 Maaie  2019, snein Cantate.

De fyfde snein fan Peaske draacht de namme Cantate,ontliend oan :
Cantate Domino canticum novum’, Sjong de Hear in nij liet’( Psalm 98 ; 1)

OAN IT BEGJIN: Oefenliet
Wurd fan wolkom en meidielings troch de âlderling fan tsjinst

Eltsenien giet stean
Liet: Psalm 134
 
Stean ta syn tsjinst fan herten ree
ja, heevje nei dit wijde stee
jim hannen op en sjong Him sa
om al syn gruttens eare ta.

Dat God de Hear út Sion wei
jim mei syn ljocht oerskine mei;
dy't ierde_en himel brocht ta stân,
mei Hy jim liede troch syn hân.
 
Groet:
F.:   Genede en frede mei  jim jûn wurde
       fan God ús Heit
       en fan Jezus Kristus, de Hear
A.:  Amen

Bemoediging :
F. : Us Helper is de Hear
A. : dy ‘t himel en ierde makke hat

F. : dy ‘t trou hâldt oant yn ivichheid
A. : en net los lit wat syn hân begûn
Dromprelbea:
F. : Bring ús út habsucht en eigenwaan yn jo skepping werom
A.: Lis jo lanskip om us hinne,lit us libje yn jo tun.
Eltsenien giet sitten

Psalm: Psalm 98 : 1 en 2
 
Lit no de nije lofsang hearre,
in liet sa't noait in liet begûn!
't Is foar de Hear, dy't triomfearre,
syn rjochterhân hat rêding jûn.
Syn hill'ge earm die wûnderdieden,
dy't alle folk op ierde sjocht.
Hjir is it klear te ûnderskieden:
Hy kaam en holp ús oan ús rjocht.

Hy tocht wer oan syn wolbehagen;
syn trou, oan Israel foarsein,
folbrocht Hy as yn earder dagen,
syn geunst en goedens ha gjin ein.
No seagen sels de fierste lannen
en de_einen fan de wide wrâld:
de Heare draacht ús op 'e hannen,
Hy is de God dy't ús behâldt
 
Smeekgebed

Glorialiet; Gesang 225
 
2.Hy giet dy foar yn wolk en fjoer,
Hy jout dyn herte hâld en stjoer,
dyn ienlik doarmjen doel en sin.
Sjong dan de Hear wa't sjonge kin.

3.In liet dat him ferwûnd'rje moat
dat dij noch lok en libben bart,
dat God dyn namme net fergeat
mar nij beneamde_út nacht en dead.

4.De hope bloeit en 't leauwe sjocht
de tekens rizen fan syn rjocht.
Troch wee en wanhoop klinkt it liet
fan 't Keninkryk dat net fergiet.

5.Sa fynt ús faaie foet de wei,
sa geane wy Him achternei
en sjonge sûnder ein of kear
in nij gesang foar God de Hear.
 
OAN IT WURD:
Bea om ljocht

Skriftlêzing: Deuteronomium 6 : 4 – 9
4Harkje, Israel, de Heare is ús God, de Heare allinne. 5Dat do moatst de Heare dyn God leafhawwe mei dyn hiele hert en mei dyn hiele siele en mei al dyn macht. 6En dizze wurden dy’t ik dy hjoed gebied moatst dy goed ynprintsje. 7Do moatst se dyn bern ynskerpje en der oer prate, wannearst yn ’e hûs sitst en ast op ’en paad bist, ast op bêd giest en ast derôf komst. 8Do moatst se as in teken bine op dyn hân en as in bân om dyn foarholle. 9Do moatst se skriuwe op de doarposten fan dyn hûs en op dyn stedspoarten.
 
Liet:  Gesang 7
 
1.It wurd dat jim ta libben brocht                   
hoecht net te djip, te heech net socht
foar minsken, dreech om 't oan te nimmen;
it is in teken yn jim hân,
en yn jim each in ljochte brân,
't ropt dei oan dei mei kleare stimme.

2.It is oan de_oare side net.
Wat seisto dan: "Ik ha ferlet
om oaséanen oer te stekken;
wa bringt út fiere streken wei
foar my de djippe wysheid mei?
Wa wit it riedsel út te sprekken?

3.Ast nei de hege himel sjochst,
hoe fier datsto ek sykje mochtst,
der komt gjin antwurd út 'e sfearen.
It stiet net yn 'e stjerren skreaun -
allinne_in geast, fan Gods Geast dreaun,
wit: Hy hat macht ús te bekearen.

4.'t Wurd fan syn rjocht en trouferbûn,
it is dij yn 'e mûle jûn,
Hy woe it dij yn 't herte skriuwe.
Dêr klinkt de kleare stim fan God,
de treast en tucht fan syn gebod,
dy wolle dij ta 't libben driuwe

Evangeeljelêzing : Johannes 13 : 31 – 35
31Doe’t Judas fuortgien wie, sei Jezus: No is de Minskesoan ferhearlike, en God is yn Him ferhearlike; 32(as God yn Him ferhearlike is) sil God Him ek yn Himsels ferhearlikje, en Hy sil Him fuortynienen ferhearlikje. 33Berntsjes, Ik bin noch mar in koart skoft by jimme; jimme sille om My sykje, mar, lykas Ik de Joaden al sein haw: Dêr’t Ik hinnegean, kinne jimme net komme, sa sis Ik it jimme no ek. 34In nij gebod jou Ik jimme: dat jimme inoar leafhawwe moatte; ja dat jimme inoarren leafhawwe moatte lykas Ik jimme leafhân haw. 35Dêr sil elk oan fernimme, dat jimme myn learlingen binne, as jimme leafde foar inoar hawwe.

Lofprizing : Gesang 339a

Ferkundiging

Liet: Gesang 829

Tankbea en foarbaen mei as akklamaasje Gesang 368f:

Ynsammeljen fan ‘e jeften

Slotliet: Wylde Goes, Liet 2, 'Alle wûnder om ús hinne'

Seine
 
terug